Faak ha ik my onmachtich field. Je binne fan se ôfhinklik en je wolle de bêste soarch foar dejinge dy je leaf ha. Dan betinke je wol foar dat je der wat fan sizze. Je binne bang dat hy dan minder soarch krijt of dat se koartôf wurde. Of je tinke ‘It is gebeurd, we kinne der toch neat mear oandwaan”. Mar wat is de grins tusken kekt genôch soarch en ferwaarleazing? En soms is it ek gewoan te min neitinke. Gelokkich giet it faak goed. En net oeral is it itselfde. De binne gelokkich ek goede plakken en it bliuwt minskewurk.
↧